Provinsje hat bêste website

09 feb 2005 - 16:55

De provinsje Fryslân hat yn fergelyk mei de oare alve provinsjes de bêste ynternetside. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it minstearje fan Ynlânske saken. Dat sjocht by de beoardieling ûnder oaren nei de ynformaasje dy't op de webside jûn wurdt en nei de tagonklikheid.

De ôfrûne jierren einige de webside fan de provinsje ek al heech yn de ranglist. Yn 2001 waard de side útroppen ta bêste oerheidswebside.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)