Sels ûntslutingsfariant útkieze

© Omrop Fryslân
Bewenners fan 'e wyk Tinga yn Snits moatte sels in kar meitsje oer de ûntsluting fan harren wyk, fynt D66. It giet dan om 'e oansluting fan 'e wyk op in rotonde yn 'e Lemmerwei. In soad wykbewenners soene graach sjen dat dy troch it sportpark Tinga giet. De gemeente woe de dyk by de Koningspil del hawwe.
D'66-er Hettinga wol dat minsken in kaartsje troch de bus krije dêr't se harren foarkar op oanjouwe.