Rekken foar min advys BV Sport

09 feb 2005 - 12:04

De gemeente Ljouwert en de BV Sport stelle de belestingadviseurs fan Ernst en Young oanspraaklik by in mooglike BTW-neiheffing. Neffens de gemeente hat it advyskantoar syn wurk net goed dien.

Gefolch fan it minne advys is dat de BV Sport achternei hast 5 miljoen euro tabetelje moat. Oer dy neiheffing rint in proseduere by de Hege Ried. De ferwachting is dat de útspraak noch wol in jier duorje kin. Mocht it safier komme, dan moat it kantoar ta de beurs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)