Dief ferriedt himsels troch glês

© Omrop Fryslân
Yn in winkel oan 'e Vosseleane yn Wâldsein is tiisdeitenacht in ramkreak set. Dêrby wie in rút ynsmiten. De bút, in televyzje, stie lykwols op strjitte.
In foarbygonger seach de man letter tusken Wâldsein en Balk lûd baltend stean te belje. Hy hie in stikkene jas en krassen op syn rjochter-earm. Yn syn jas siet in stik glês en hy hie de glassplinters yn it hier te sitten. De 23-jierrige Amsterdammer is oppakt en nei it plysjeburo brocht.