Bou Piter Jelles Dokkum kin los

© Omrop Fryslân
De bou fan in nije Piter Jelles-skoalle yn Dokkum kin los. De gemeente Dongeradiel hat dêr tastimming foar krige fan 'e provinsje. De nijbou oan 'e Parkleane rûn fertraging op troch argeologysk ûndersyk en strangere miljeu-easken fanwege in LPG-ynstallaasje yn 'e buert.
De nije skoalle komt njonken it Dockinga Kolleezje. It gebou dêr't de Piter Jelles no sit, oan 'e Rûnwei, wurdt ferboud ta ynstrumint-makkerij.