AZC Dokkum langer iepen

© Omrop Fryslân
It azc yn Dokkum bliuwt langer iepen. It COA woe it sintrum earst op 1 maaie slute en der in 'fertreksintrum'fan meitsje. Dat gie lykwols net troch. Fjouwer moanne ferlyn frege it CAO lykwols om útstel fan sluting ta 31 desimber fan dit jier. B en W fan Dongeradiel hawwe dêr no mei ynstimd.
Troch de ferminderde ynstream fan asylsikers gean rûnom azc's ticht. De oerbleaune flechtlingen wurde no yn Dokkum ûnderbrocht.