Mulder: Frysk heart yn grûnwet

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân sil der by de Twadde Keamer op oantrune dat njonken it Nederlânsk ek it Frysk opnommen wurdt yn 'e grûnwet. De provinsje sil hjirta nije wike in notysje nei alle keamerfraksjes stjoere.
It CDA en de ChristenUnie ha foarsteld om it Nederlânsk yn 'e grûnwet op te nimmen, mar yn dit foarstel stiet neat oer it Frysk. Oant no ta stiet yn 'e grûnwet neat oer taal. De Keamer sil hjir yn april in beslút oer nimme.