Mear meldings nei spotsjes

© Omrop Fryslân
De spotsjes fan ferkearsfeiligens- organisaasje 3VO dogge fertuten. Sawol op radio as tv wurde minsken der attint op makke ûnfeilige ferkearssituaasjes te melden by 3VO. Der komme no sa'n fjouwer oant fiif meldingen deis binnen. Oer it hiele jier sjoen is it tal meldings ferdûbele.
Nei't der in klacht binnenkommen is geane der frijwilligers fan 3VO op paad om de situaasje te besjen. Dêrnei wurdt dy oan de dykbehearders foarlein.