'Te min huzen foar jeugd'

© Omrop Fryslân
Der moatte mear huzen komme foar de jongerein yn Tytsjerksteradiel. Dat fynt Doarpsbelang Burgum en de Tytsjerksteradiel Jeugd Advies Kommisje. It is dreech foar de jongerein om geskikte wenromte te finen. Dat is alteast de útkomst fan in enkête dy't hâlden is ûnder de jongerein fan 17 oant 23 jier.
Doarpsbelang Burgum en de Jeugd Advies Kommisje biede harren rapport woansdei oan oan de gemeenteried.