Netwurkjild dochs wer yn byld

© Omrop Fryslân
De kâns dat de nije nota Romte fan it Ryk Ljouwert in soad jild kostje sil, is wer wat lytser wurden. Ljouwert krijt no noch ekstra ryksjild, mar driget dat mis te rinnen troch in moasje fan it CDA yn de Twadde Keamer. Minister Dekker fan Folkshúsfesting ûntried dy moasje, sa hat se de Twadde Keamer witte litten.
It ryksjild is foar stêden mei in saneamde netwurkstatus. Ljouwert hat dy status net, mar krijt it jild wol.