'Plannen sloop flats ûnferwacht'

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan Leefbaar Heerenveen is lulk op boargemaster en wethâlders. Dy kamen tiisdei mei in grut plan om it sintrum te ferbinen mei it terrein fan Sportstad Heerenveen. Yn dat plan soe in tal flatwenningen sloopt wurde moatte.
Leefbaar Heerenveen is lulk dat it samar ûnferwachte mei de plannen konfrontearre wurdt. De partij fynt it ek net netsjes dat de bewenners fan de flats noch fan neat witte.