Salvesen Ljouwert slút definityf

08 feb 2005 - 16:11

De festiging fan transportbedriuw Christian Salvesen yn Ljouwert giet op 1 july definityf ticht. Dêrtroch komme 48 minsken op strjitte te stean. Foar harren is in goed sosjaal plan ôfpraat.

Christian Salvesen giet ticht om suvelkonsern Friesland Coberco it ferfierskontrakt opsein hat. It bedriuw hat drok dwaande west nij wurk te finen foar de Ljouwerter festiging, mar dat is net slagge. It gebouw komt te keap te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)