Opstekker rêdingswachten Skier

© Omrop Fryslân
Sân meiwurkers fan it rêdingsstasjon op Skiermûntseach binne moandei yn it sintsje set. It giet om minsken dy't mear as 20 jier aktyf west ha. Skipper Gert Jan Klontje krige in brûnzen medalje, omdat er 25 jier yn tsjinst west hat. Fierder krigen fjouwer meiwurkers in oarkonde, omdat se al 20 jier frijwilliger binne by de rêdingswacht. Der waard ek ôfskie naam fan 2 minsken, dy't 43 en 35 jier aktyf west ha.