Mear kontrôle snoekbearsfiskers

08 feb 2005 - 12:17

Sportfiskers dy't út binne op snoekbears wurde fan begjin maart ôf folle faker mei plysjekontrôles konfronteard as no it gefal is. De kommende twa jier komme der ekstra kontrôles om yllegale snoekbears- ferkeapers hurder oan te pakken.

De plysje besiket yn gearwurking mei oare tsjinsten al skoften wat te dwaan oan de grutskalige streuperij mei netten. Ek angelfiskers hâlde harren net altyd oan de regels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)