Skarsterlân ferdield oer enkête

08 feb 2005 - 10:29

De ried fan Skarsterlân is ferdield oer in rieplachting oer it Suderseespoar. It CDA hie oantrúnd op in enkête. Moandei prate de kommisje deroer.

In mearderheid yn de ried is foar in rieplachting tagelyk mei it referendum oer de Europeeske Grûnwet. De FNP en de Christenunie yn Skarsterlân binne tsjin. De FNP wiist derop dat de Twadde Keamer mooglik tsjin it Suderseespoar stemme sil. En dan hat in enkête yn Skarsterlân gjin doel mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)