Oerlêst Noardwâlde ûndersykje

© Omrop Fryslân
In ûndersyk yn Noardwâlde moat dúdlik meitsje wat der dien wurde kin oan de oerlêst fan jongeren yn it doarp. De stichting wolwêzen Weststellingwerf nimt dêrfoar it inisjatyf. Moandei waard bekend dat acht jongeren oanhâlden binne foar it fernielen fan auto's en ruten yn de buert fan it Vlechtwerk. De skea rint yn de tuzenen euro's.
De wolwêzensstichting wol ris sjen nei in jeugdhonk foar 16- oant 20-jierrigen.