Ybema mooglik kommissaris NUON

07 feb 2005 - 22:29

Gerrit Ybema wurdt ien fan de kommissarissen fan enerzjybedriuw NUON. Ybema folget dêrmei steatelid Arjen Kaper op, dy't syn funksje as kommissaris ein maaie del lei. Ybema wurdt foardroegen troch de provinsje.

Kaper koe troch de ferskillende belangen syn kommissariaat net mear kombinearje mei it steatewurk. De provinsje ferwachtet dat Ybema mei syn kunde, ûnderfining en eftergrûn de ideale kandidaat is foar de funksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)