Provinsjehûs nominearre

It nije provinsjehûs yn Ljouwert makket kâns BNA-gebou fan it jier te wurden. Dizze priis wurdt takend troch de beropsferiening fan arsjitekten. Foar it noarden binne twa projekten útkeazen. Neist it provinsjehûs nei in ûntwerp fan Soeters Van Eldonk arsjitekten, is dat it Laboratorium voor Infectieziekten yn Grins. Op 12 april wurdt de winner bekend. Dy giet troch nei de lanlike finale. Der binne ek trije earfolle fermeldings. Ien dêrfan giet nei it Fryske arsjitekteburo Jelle de Jong foar it ûntwerp fan pakhûs Hartelust yn Ljouwert.