Oanhâldings fernield Vlechtwerk

07 feb 2005 - 21:52

De plysje hat acht jongeren oanhâlden fanwege fernielings by multifunksjoneel sintrum 't Vlechtwerk yn Noardwâlde. De jongeren komme út Noardwâlde en binne tusken de 16 en de 20 jier âld.

By 't Vlechtwerk is de lêste moannen in soad fernield. It giet ûnder oaren om ruten, auto's en fytserekken. By de fernielings is foar tûzenen euro's skea oanrjochte. Ek waard de sânbak fan it pjutteboartersplak fersmoarge mei bierfleskes en sigrettepeuken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)