Essent foar de rjochter dage

© Omrop Fryslân
Kees Boer fan Skiermûntseach wol twa frije dagen fergoede hawwe fan enerzjybedriuw Essent. Boer, dy't yn Assen wurket, naam de dagen frij om thús te wêzen foar in monteur fan Essent. Dy kaam lykwols net opdaagjen. As skeafergoeging hat Essent Boer 50 euro bean, mar dy wol op syn minst 200 euro ha. Hy stapt dêrom nei de rjochter.
Essent seit dat de fergoeding neffens lanlike regels is. It bedriuw wol foar de eilannen gjin útsûndering meitsje.