Pizzakoerier mei pistoal bedrige

07 feb 2005 - 17:34

In 16-jierrige pizzakoerier út Ljouwert is justerjûn yn syn wenplak mei in pistoal bedrige. De jonge moast oan de Tylkedam in pizza besoargje. Doe't er dêr oankaam, sprong der in man foar him. De man sommearde de jonge syn beurs op de grûn te smiten.

Doe't de man seach dat der hast gjin jild yn de beurs siet, sette er in pistoal op 'e holle fan de jonge. Doe't it slachtoffer sei dat er fierder gjin jild by him hie, naaide de man út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)