Subsydzje foar befrijingsfeest

07 feb 2005 - 17:11
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Smellingerlân jout 54.000 euro subsydzje oan de organisaasje dy't op befrijingsdei aktiviteiten organisearret yn Drachten. It subsydzjebedrach komt del op ien euro de ynwenner.

De aktiviteiten wurde opset troch de Oranjeferiening, Museum Smellingerlân, teater De Lawei, keunstsintrum De Galerij en poppoadium Iduna. Mei inoar is der 124.000 euro nedich foar de aktiviteiten op 5 maaie.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)