Helpkonfoai stiet fêst yn India

07 feb 2005 - 14:19
Foto: Omrop Fryslân

It helpkonfoai dat trije wike lyn fanút Stienwyk ôfreizge is nei India, stiet fêst yn dat lân. It konfoai, mei trije Fryske sjauffeurs, mei fan de autoriteiten yn India net fierder. It ministearje fan Finânsjes moat dêr tastemming foar jaan. Hoe lang dat duorret, is net dúdlik.

It konfoai is mei helpguod ûnderweis nei de slachtoffers fan de seebeving. De sjauffeurs moatte hiel India noch troch om yn it súdeasten te kommen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)