FNP-fragen oer Himpenserpolder

07 feb 2005 - 14:19

De FNP-riedsfraksje yn Ljouwert wol fan it gemeentebestjoer dúdlikens ha oer de mooglike oanwizing fan de Himpenserpolder as wetteropfanggebiet. Der wurdt ek oer praat om de polder folslein ûnder wetter te setten foar rekreaasje.

De fûgelwacht yn Ljouwert sjocht neat yn de plannen om't der in soad seldsume wettersnippen yn de polder libje. Ek behearder Steatsboskbehear wol net dat de polder ûnder wetter set wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)