Aris wint fan Weert: 93-71

07 feb 2005 - 11:51

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha sneontejûn it wichtige duel tsjin Weert wûn mei 93-71. De manlju fan Tom Simpson begûnen dreech mar rekken geandewei de wedstriid op skot. In plakje by de earste acht yn de earedivyzje kin har eins net mear ûntgean.

Aris spilet yn febrewaris noch twa wedstriden. 16 febrewaris komme se thús yn aksje tsjin Demon Astronauts en de 19e spylje se út tsjin Cape Holland.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)