Hearrenfean - AZ: 1-3

07 feb 2005 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn eigen stadion mei 1-3 ferlern fan AZ út Alkmaar. Huijsegems skoarde yn de 41e minút foar AZ. Hansson makke yn de 77e minút de lykmakker. Dêrnei beslisten Sektioui (88e minút) en Lindenbergh (90e minút) it duel.

De oerwinning fan AZ wie fertsjinne. De ploech krige in soad kânsen. By de wedstriid wiene 17.500 taskôgers oanwêzich. Bruggink (Hearrenfean) en Huijsegems (AZ) krigen in giele kaart.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)