Auto oer de kop yn sleat

07 feb 2005 - 09:39

In 22-jierrige man út Wynjewâld is yn de nacht nei snein by Oerterp mei de auto op de kop yn de sleat rekke. Dêrnei is er nei hûs ta gien om te sliepen. De plysje ûntduts de auto lykwols en reage de man út bed.

Op it plysjeburo die bliken dat er tefolle alkohol dronken hie. Hy krige in rydferbod fan trije oeren. De man ferklearre dat er fan doel west hie om de auto de oare deis mei de trekker út de sleat te lûken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)