Plysje fynt stoflik omskot

06 feb 2005 - 13:06

De plysje hat lang om let it stoflik omskot fûn fan in 64-jierrige man út Twellegea. Op 11 jannewaris wie de man mei syn auto fan hûs riden. De auto waard letter dy dei weromfûn by de Prinses Margrietslûs by De Lemmer.

De plysje hat ferskate kearen sykaksjes hâlden nei de man. Der is ûnder oaren mei speurhûnen, sonarappartuer en in helikopter socht. Freedtemiddei is syn stoflik omskot fûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)