Muzyk Maskelynpriis útrikt

06 feb 2005 - 13:03

Durk en Grytsje Dam fan Drylts hawwe sneon de Muzyk Maskelynpriis krigen. De priis fan it Omrop Fryslân radioprogramma waard foar de tsiende kear útrikt.

Durk Dam krijt de priis foar syn bestjoerswurk yn de Fryske hafabra-wrâld. Grytsje Dam wurdt eare foar har kwaliteiten as koardirigint. De priis is sneon útrikt op it brassbandfestival yn de Harmonie yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)