Minima-restaurant yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt in restaurant foar minsken mei in leech ynkommen. Dy kinne dêr in waarm miel krije foar 2,5 euro. Twa froulju út Ljouwert ha it inisjatyf naam foar it restaurant. Se krije help fan de stifting Van Harte. Dy hat yn Den Haach ek al in minima-restaurant.
De inisjatyfnimmers tinke dat Ljouwert ferlet hat fan in goedkeap restaurant. Yn de stêd is ien op de seis minsken wurkleas. In grut part fan dy minsken moat it mei in leech ynkommen dwaan.