Yildirim yn Oranje

05 feb 2005 - 12:42

Ugur Yildirim is opnaam yn de seleksje fan bûnskoach Marco van Basten foar de oefenwedstriid tsjin Ingelân. De oanfaller (22) fan SC Hearrenfean debutearret tegearre mei doelman Timmer fan AZ. Yildirim hat in Turks en in Nederlânsk paspoart. Twa wike lyn makke hy bekend dat hy foar Nederlân kieze soe as Van Basten him opropt.

It liket wol wis dat Yildirim kommende woansdei yn elts gefal in tal spylminuten krije sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)