Boargemaster B'him komt út Velp

© Omrop Fryslân
Petronella Schadd-de Boer wurdt nei alle gedachten de nije boargemaster fan Boarnsterhim. De gemeenteried hat har tongersdei foardroegen. Frou Schadd is lid fan de PvdA en komt fan Velp, yn de gemeente Rheden. Dêr is se sûnt 1998 wethâlder en hat se ek in skoft loko-boargemaster west.
De fertrouwenskommisje koe kieze út 33 kandidaten. Frou Schadd folget Ype Dijkstra op. Hy is no boargemaster fan Zeewolde.