Swalker socht yn moardsaak

04 feb 2005 - 16:11

De plysje is op 'e siik nei in swalker yn ferbân mei de moard op de eigner(54) fan kafee Nijlân yn Ljouwert. Nei alle gedachten kin de man mear fertelle oer wat der bard is op de jûn fan de moard, hast trije wiken lyn. De kroegbaas waard doe om it libben brocht by in oerfal op syn kafee.

De plysje hat earder in 31-jierrige man as fertochte oanholden, mar dy is wer frijlitten. Der wurkje sa'n 35 resjersjeurs oan de saak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)