Hearrenfean ferliest saak Edman

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean moat âld-spiler Erik Edman 180.000 Euro betelje. Dat hat it KNVB College van Arbiters besletten. Edman ferhûze ôfrûne simmer op eigen fersyk nei de Ingelske klub Tottenham Hotspur. Neffens Hearrenfean hie Edman by dy oergong ôfsjoen fan syn rjochten op in diel fan de transferopbringst. Edman wie it der mei iens.
Hearrenfean fynt it in ferfelende saak mar sil wol betelje. Heger berop tsjin de útspraak is net mooglik