Brede skoalle yn Akkrum East

04 feb 2005 - 12:34

De nije brede skoalle moat gewoan yn Akkrum East komme. Ek komt der gjin rûnwei om Akkrum hinne. Dat seit it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim. Dat hat ekstra ûndersyk dien nei beide saken. In soad minsken binne tsjin de komst fan de skoalle yn Akkrum East, om't de lokaasje net feilich wêze soe.

In rûnwei om Akkrum hinne, bedoeld om ferkearsoerlêst foar te kommen, kostet tsien miljoen euro. Dat jild is der net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)