Personiel Amels staakt mooglik

04 feb 2005 - 10:37

It personiel fan skipswerf Amels yn Makkum oerwaget it wurk del te lizzen. Tongersdei hat de direksje fan it memmebedriuw Damen bekend makke dat Amels ticht giet. Damen hat yn Vlissingen noch in werf dêr't grutte jachten boud wurde. Dêr moat it wurk konsintreard wurde.

It giet al langer minder mei Amels. De ôfrûne fjouwer jier is it ferlies oprûn ta 16 miljoen euro. Yn Makkum wurkje 180 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)