Sina populêr by Fryske bedriuwen

04 feb 2005 - 09:59

Der is in protte belangstelling foar de Fryske hannelsreis nei Sina oer in pear moanne. Neffens de Keamer fan Keaphannel ha al sa'n 15 bedriuwen harren oanmeld. Dêrby binne der 7 út Dokkum.

Trije jier lyn gong der ek al ris in provinsjale hannelsdelegaasje nei Sina. Dat smiet toen noch wikseljende risseltaten op. Sûnt dy tiid is it lân in stik iepener wurden, en telt Sina mei as ekonomyske wrâldmacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)