Cruyff-fjild op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De gemeente Hearrenfean besiket in trapfjildsje fan keunstgers oan te lizzen yn De Greiden of de wyk Hearrenfean-Midden. It moat in offisjeel 'Cruyff Court KNVB-fjild' wurde.
Op inisjatyf fan de Johan Cruyff Foundation en de KNVB wurde alle gemeenten mei in betelle fuotbalklub benadere foar de oanlis fan dizze fjildsjes. De trapfjildsjes moatte de leefberens fan wenwiken ferbetterje.