'Ankers by top trije advokatuer'

03 feb 2005 - 17:37

It Fryske advokateduo de Bruorren Anker heart ta de top trije fan Nederlân. Dat is de útkomst fan in ynternet-enkête fan in útjouwerij yn Amsterdam. Besikers fan de site www.advocatie.nl binne wakker te sprekken oer it wurk fan it kantoar yn Ljouwert.

De stimmers moatte har by har miening basearje op de strafsaken fan it ôfrûne jier. Op 4 maart oerlanget boargemaster Cohen de priis oan it bêste advokatekantoar fan Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)