Takomst swimbad Boalsert ûnwis
It swimbad yn Boalsert hopet mei nije aktiviteiten oan besunigings fan 'e gemeente te ûntkommen. De gemeente wol ûndersyk dwaan nei de takomst fan it swimbad. Der moatte besikers komme.
De gemeente hat twa kear 25.000 euro ekstra subsydzje jûn en de ried freget him ôf hoelang't dat trochgean kin. De kaartsjes kostje no al oer de 3 euro. De tagongspriis fierder ferheegje kin net, fynt de bedriuwslieding. Der komme hûnderttûzen swimmers yn it jier.
Trefwurden:
argyf