Flyers ferlieze fan Geleen

© Omrop Fryslân
De iishockyers fan Vadeko Flyers hawwe woansdei yn de striid om de Coupe der Lage Landen mei 6-4 ferlern fan Geleen. Hast alle doelpunten fan Geleen foelen yn de earste perioade, doe't de Feansters mei 0-4 achter kamen. De oare perioadestânnen wiene 3-1 en 1-1.
De Flyers bliuwe nei it ferlies op it twadde plak stean mei 35 punten út 16 wedstriden. Mar se binne noch net hielendal wis fan de play-offs. Dat is allinnich koprinner Amsterdam.