Bou flatsjes Frjentsjer tastien

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer mei dochs begûn wurde mei de bou fan in njoggental apparteminten. Se komme op it plak fan 'e eardere húshâldskoalle oan it Van Harinxmakanaal. De Rie fan Steat hat de tastimming jûn foar de bou. Dermei binne trije jier fan prosesfiering oer.
De buert hie beswier oantekene tsjin de bou. It nije gebou soe mei syn hast 13 meter te heech wurde en te ticht op de wenten stean. Mei de útspraak is it lêste obstakel foar de bou út 'e wei.