Dongeradiel wol fiskers helpe

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel lit de garnalefiskers net stikke. Dat seit wethâlder Oosterhof fan Dongeradiel yn reaksje op de steatefraksje fan de ChristenUnie. Dy fynt dat de gemeente by de bank garant stean moat, lykas buorgemeente de Marne dat docht.
De garnalesektor draait poermin troch de lege prizen en de boete fan 'e NMa. Dongeradiel hat wol in potsje foar soksoarte gefallen, mar de minister moat tastimming jaan, seit Oosterhof.