Deade by ûngelok op A7

© Omrop Fryslân
By in ûngelok op 'e A7 by Haskerdiken is justerjûn in 45-jierrige ynwenner fan Beetstersweach ferstoarn. De man kaam mei syn auto yn 'e linker berm telâne en skeat doe oan 'e rjochterkant de sleat yn.
De auto kaam op 'e sydkant yn it wetter telâne. Trije plysjes binne der doe yn sprongen, hawwe de auto draaid en it slachtoffer derút helle. De man is yn it sikehûs ferstoarn.