Pontsje Grietman wurdt opknapt

03 feb 2005 - 13:56

It pontsje De Grietman dat simmerdeis fart tusken De Feanhoop en de Headammen wurdt foar 17.000 euro opknapt. Ofrûne simmer fear it pontsje in skoft net. Der wie in balke yn de skroef kommen. Om't it pontsje al âld is, binne der gjin ûnderdielen mear foar reparaasje.

De gemeente Smellingerlân wol it pontsje no by de tiid bringe. Sa wurde de op- en ôfrydkleppen tenei net langer mei de hân betsjinne, mar elektroanysk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)