Winkeldief slacht meiwurker

© Omrop Fryslân
In 27-jierrige Ljouwerter wie woansdei 'not amused' doe't er betrape waard op stellerij yn in winkel oan 'e Emmakade. Hy waard troch twa meiwurkers nei in kantoarke fan 'e winkel brocht dêr't er op de plysje wachtsje moast.
Mar hy waard poerlilk en sloech in 38-jierrige meiwurker yn it gesicht. De twa personielsleden wurken him dêrop tsjin de grûn en hâlden him sa yn 'e fêst. De plysje hat him meinommen nei it buro.