Elma de Vries wint op Weissensee

03 feb 2005 - 10:51

Elma de Vries út Haule hat woansdei op de Weissensee yn Eastenryk in kritearium oer 30 kilometer wûn. De Vries kaam nei in moaie wedstriid dy't ferriden waard by hurde wyn as earste oer de streep, foar Daniëlle Bekkering út Den Ham en Mischa Coolen út Hengelo.

By de manlju, dy't in wedstriid oer 42 km rieden, waard Martijn Kromkamp út Wolvegea tredde achter Arjan Smit út Rouveen en Rob van Meggele út Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)