Fersoendei yn Dokkum

03 feb 2005 - 10:06

Yn Dokkum komt in grutte fersoendei. De dei is bedoeld foar bern fan de middelbere skoallen en minsken út it asylsikerssintrum yn Dokkum. Sa moat der mear begryp komme tusken beide groepen.

Yn in rapport fan it lanlik buro foar bestriding fan rassediskriminaasje stiet dat yn Dokkum net genôch dien wurdt oan de bestriding fan rasisme. Wethâlder Appelhof seit lykwols dat de grutste problemen ûnder kontrôle binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)