'Netwurkstipe ferkeard begrepen'

© Omrop Fryslân
Ljouwert rint hielendal gjin miljoenen euro's mis foar de saneamde netwurk- status. Fryslân krijt sels miljoenen euro's ekstra. Dat seit CDA-Twadde- Keamerlid Bas Jan van Boghoven. Hy hat by de behanneling fan de Nota Romte in moasje yntsjinne weryn't dat stiet.
Oer de tekst wie argewaasje ûntstien. Neffens deputearre Andriesen hâldt de moasje yn dat de ekstra Ryksstipe oan Ljouwert wol ferfalle kin. Neffens Van Boghoven is dat perfoarst net it gefal.