Stipe oan garnalefiskers nedich

03 feb 2005 - 09:44

De takomst fan tsien garnalefiskers yn Dongeradiel stiet faai. Earst wie der de Nederlandse Mededingingsautoriteit dy't harren ferbea priisôfspraken te meitsjen en in miljoeneboete oplei. No draait de bank de jildkraan ticht as de gemeente Dongeradiel net garant stean wol. En dy wol dat net.

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat de provinsje yn aksje komt om it fallissemint fan de fiskers foar te kommen. It giet om 20 arbeidsplakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)